In Glês fol Spyt

Witsto wat hjir ûnder de kelders yn Ljouwert barre?

Sarah Dekker skriuwt al jierren ferskes, en nimt dy op har sliepkeamer op. Mei har muzyk fertelt se ferhalen oer dreamen, winsken en hoop. Mar dreamen wurde wier: ferline jier wûn se de ‘Kleine Prijs van Friesland’ en takom jier stiet se sels op Eurosonic Noorderslag. De ferhalen dy't se skriuwt - ûnder de namme Moonloops - geane oer oare universums. Ek foar Tiidmasine stapte se yn in oar universum.

Letterlik trouwens, want ôfrûne septimber dûkte Sarah yn de wrâld fan ‘Ut Liwwadder Bieroproer’. In yngripend barren yn de Fryske skiednis yn 1487, yn de haadstêd Ljouwert. Wat dêr barde? Sarah fertelt: "It wie simmer en minsken dronken gesellich bier, sa't dat giet. Yn dy tiid wiene der twa kampen yn Ljouwert, neamd nei de kleasters: de Skieringers en de Fetkeapers. Tusken de kampen wie altyd al striid, ” fertelt Sarah. ‘Mar dy jûn gie it hielendal mis.”

Bier en bloed

Yn Ljouwert wie de regel dat der allinne mar lokaal broud bier skonken wurde mocht. Mar dy jûns treffe in pear keaplju - oanhingers fan it Skieringer kamp - inoar yn in kroech. “De herbergier helle op oanfraach in bierfetsje út de kelder. Mar dit wie net samar in fetsje bier: it wie bier broud yn Haarlim!," fertelt Sarah. 

In wier bierskandaal. En dus kamen de brouwers ferhaal heljen. Ek de boargers bemuoiden harren dermei. De situaasje eskalearre al gau ta in wapene striid wêryn't Fetkeapers en Skieringers iepentlik harren konflikt, dat al jierren slûmere, ferbittere útfochten. ‘It gefolch fan dit iene bierke? Elkenien op strjitte, fjochtsje, bloed en it slimste: er foelen sels deaden," fertelt Sarah.

Werom nei 1487

Sarah wie der dit jier om it sa mar te sizzen echt by, se stapte werom yn ’e tiid. Want foar de foarstelling ‘It Liwadder Bieroproer’ waard se frege om alle muzyk te meitsjen. En dat net allinne, se spile ek noch ris mei yn it stik. "Sterker noch: ik mocht de herbergier spylje dy't it bierke skonk! Of noja, eins de dochter fan. Fjirtjin jûnen op rige spilen wy dat stik, en libbe ik eins letterlik yn dy tiid, yn in oar universum. Ik siet der hielendal yn. Blider koest my net meitsje,” fertelt se glunderjend.

In stoarm ien in glês bier

Doe't koart dêrnei de oprop foar Tiidmasine kaam en se tipt waard, wie it dan ek hiel logysk foar Sarah wêr't de tekst oer gean moast. Sarah fertelt: “Myn ferskes binne altyd hiel ferhalend fan aard. Fanút wat in persoan fielt, beleeft, ûnderfynt. Dêrom wie it foar my fantastysk om fan de herbergier út in liettekst te skriuwen. Om't ik letterlik meardere kearen yn dy rol en yn dy tiid stapt wie.”

In glês fol spyt 

“De kar dy't de herbergier makke brocht safolle teweech. En dat gefoel, dat ien momintopname, safolle betsjutte kin en dat je dêr ek sa'n spyt fan hawwe kinne, dêr giet de tekst oer. Want dat kenne we allegear wol. Dat gefoel besykje ik te fangen mei ‘In glês fol spyt’. En sa meitsje ik fan it gefoel fan de herbergier wat taastbers, dat fyn ik it aldermoaiste wat der is,” fertelt Sarah. 

As Sarah yn de Tiidmasine stappe koe..

“Ik ha altyd super fassinearre west troch de âldheid. Dus ik soe nei it âlde Grikelân of it âlde Egypte reizgje, de Byzantynske tiid, sa’n 1.000 foar Kristus,” fertelt Sarah. “Sa't ik al sei, ik hâld echt fan fantasywrâlden. En dy tiid is foar my in stik skiednis dat hiel, hiel ticht tsjin fantasy oan leit. Wy kinne it ús hast net yntinke hoe‘t it doe wie."

Sarah Dekker - In Glês fol Spyt

De foto waard makke ûnder de Kelders, dêr't it Bieroproer him yn 1487 ôfspile hat. Op de fraach oft Sarah sels ek in bierleafhawwer is, antwurdet se laitsjend: ‘Ja, ik bin hjir ek wol ris op de Kelders en yn de omkriten te finen! En dan genietsje ik sûnder mis ek wol ris fan oar bier as allinne út Ljouwert….” 

En dat kin no no sûnder ‘oproer’, want it Liwadder Bieroproer soarge der foar dat der sân jier letter nije wetjouwing foar it skinken fan bier yn Ljouwert kaam. En dêr genietsje in soad kroechleafhawwers no noch altyd fan. ;)

Oare tema's:

webside makke troch studio