It giet oer in Fryske Fiking haadman, syn boadskip oan syn bemanning en der binne ek inkelde wichtige Fryske mytes yn ferwurke. Skriuwer Jelmar Schotanus hat tapaste psychology studearre, sit yn in tal bandsjes en is fassinearre troch sages en mytology.
‘Wat fynst sa yntrigearjend oan mytes?’
“It fette oan mytes is dat der in soarte fan struktuer yn sit dy 't weromkomt yn hast elk ferhaal en ek yn elke tiid,” fertelt Jelmar. “ Dus in myte dy ’t miskien yn Kongo ûntstien is, hat oerlap mei mytes út it Kristlike leauwen mar ek mei de Noarske mytology. ” Der sit in soarte fan struktuer yn dy ’t weromkommen bliuwt. "En dan kinst in hiele hoop leare: oer dysels en hoe'tst yn de wrâld navigearje kinst, bygelyks. Want it is mear as in leuk ferhaal."
Archetypes fan alle tiden
“Ek bepaalde archetypen en personaazjes komme faak werom.” Sa wurdt yn it nûmer ek Donar neamd. “Yn 'e âldheid hiene de minsken gjin wittenskiplike ferklearring foar tonger en skreaunen se tonger ta oan in tongergod. Donar wie de Germaanske god fan de tonger en wie ien fan de wichtichste goaden fan it Germaanske pantheon. Hy hie neffens in soad leauwigen in min sin. En as it tongere, ried Donar mei syn striidwein troch de himel.” Ek Donar bestiet yn ferskillende mytes. Sa neamden we him yn de Fryske skiednis dus Donar, mar yn de Noarske mytology kenne we him as Thor.
Metafoaren foar it echte ljibben
“Mar ek wat der bartyn mytes, lykas ‘nei de hel gean’, binne metafoaren dy ’t problemen omskriuwe dy’t wy allegearre meimeitsje,” fertelt Jelmar. Hy seit dat we se somtiden allinnich dreech ûnder wurden bringe kinne. En just omdat it sa dreech is om dêr wurden oan te jaan, hawwe wy dêr mytes foar ûntwikkele. Se beskriuwe in ferhaal dat fergelykber is. Miskien net ferlykber yn de letterlike sin (sa as mei in tongergod), mar dus wol as it giet om personaazjes, argetypen en wat der bart. “Mythes kinne it gefoel of de ynterne striid faak ferrektegoed omskriuwe."
In ferhaal oer alles jaan
De liettekst giet oer in fiking dy 't noch ien kear, alteast dat hopet er, fjochtet foar syn lân en syn gesin. “Foar my is dat de hillige taak fan de man, om te soargjen dat syn húshâlding feilich is. En dêr tsjin eltse priisfoar te fjochtsjen. As man moatst in soarte fan heuvel fine en ree wêze dêr te stjerren. Dy heuvel stiet dus symboal foar dyn missy of wêrt’st yn leaust. Bist ree om dat te ferdigenjen? Nettsjinsteande alle pine?”
De haadpersoan yn dit nûmer, dy is klear om alles te jaan. Hy wit dat it sear docht en hy is him bewust fan syn offers, mar hy klaget nea. “Hy hat de heuvel fûn om op of foar te stjerren: syn frou, syn bern en it Fryske lân. Dêr striidt er foar."
As Jelmar yn 'e Tiidmasine stappe koe…
“Dan soe ik fansels nei de tiid fan de Fikingen gean, sa’n 800 jier nei Kristus,” seit er sûnder ienige twifel. Jelmar hat syn doel dêr ek helder foar eagen. "Ik wit ek krekt wat ik der dwaan soe. Ik soe yn in doarp in sjamaan opsykje en dêr 20 jier by yn 'e lear gean. En dan - hooplik - weromkomme mei in hiel soad wiisheid. Want ik bin der wis fan datst dy wiisheid fan doe ek no brûke kinst. As ik dan net âlder wurdt yntusken fansels, oars miskien wat jierkes koarter " laket der.
Ast dyn doel of missy sa helder foar eagen hast, kinst in hiel protte jaan neffens Jelmar. Salang’st mar witst wêr'tst it foar dochst.
"En dat is krekt wêr't we no bytiden tsjinoan rinne. Trochdat wy dochs in reedlik lúks libben hawwe, witte wy somtiden net mear tsjin wa of wat wy fjochtsje moatte. De sin fan it bestean is fuort, omdat wy net witte wêr't wy it foar dogge. En dat is neffens my it alderbelangrykste. Wat wolst echt? En striidst dêr alle dagen foar?”
De earste singels fan it projekt Tiidmasine wurde útbrocht yn novimber.