Terpelân

Terpelân is in liettekst oer de krêft fan de see en de striid dy 't men eartiids levere hat.

Terpelân is in liettekst oer de krêft fan de see, de striid dy 't men eartiids levere hat en de ûnwisse tiid dy’t dat wie wat sûnens oanbelanget. Janneke Heslinga (34), dy’t sels ek njonken in terp wennet, hie noch nea earder in songtekst skreaun. 

 “Sterker noch, ik ha eins noch noait wat foar it ‘grutte publyk’ skreaun,” fertelt Janneke. “Al myn hiele libben skriuw ik gedichtsjes, mar dy hâlde ik foar mysels. In skoft lyn haw ik in gedicht skreaun foar freonen dy't harren dochter ferlern hiene. Doe fernaam ik dat de wurden harren wat diene, en ek dat se oerkamen sa’t ik se bedoeld hie.” 

Wêrom oer it Terpelân? 

“Wat it ûnderwerp oangiet kaam ik al reedlik gau op terpen út. Ik wenje al 11 jier neist in terp, myn ynspiraasje lei foar de doar sis mar. Wat my opfalt is dat ik faak fan minsken bûten Fryslân hear dat se ûnder de yndruk binne fan de moaie terpdoarpkes hjir. Soks sjogge je sels hast net mear. Troch alles wat eartiids bart is libje wy sa as wy no libje en sjocht it lânskip der út sa as it der no hinne leit.” 

Hoe wichtich is skiednis foar dy?

“Hiel earlik? Eartiids fûn ik skiednis mar neat. Mar hoe âlder ik wurd, it wurdt hieltyd nijsgjirriger.” Tafallich hie se in wike foar de iepen call noch yn it ynformaasjesintrum yn Hegebeintum west. “Hegebeintum hat sa ’n rike skiednis. Se hawwe hjir in pear jier lyn 8 meter djip boarre, om dy skiednis as it wae laach foar laach te ûntleedzjen.” De terp fan Hegebeintum is mei 8,80 meter de heechste terp fan Fryslân. 

Lagen fan libben op ierde 

In soad minsken hawwe gjin idee fan de skiednis fan de grûn dêr’t se alle dagen op steane. Janneke hopet dat troch de tekst minsken mei mear omtinken nei harren omjouwing sjogge en nei hoe hurd der wurke is foar de grûn dêr’t wy no op libje. “Faak fine wy it hiel gewoan, mar wy libje yn sa’n bysûnder gebiet. De seedyk, de terpen. Alles fertelt in ferhaal en der is sa hurd wurke om it te krijen sa't it no is.” Dêr meie wy neffens Janneke bêst by stilstean.  

As Janneke yn 'e Tiidmasine stappe koe… 

“It technologyske tiidrek dêr't wy no yn libje bringt in hiel soad, mar hat ek neidielen. Dêrom soe ik wolris werom wolle nei de tiid dêr’t de basis fan de technology der wie, mar fierder ek net.” Wy kinne net mear sûnder, mar wy koene oait allegear wol sûnder. En dat is spitich. “Myn bern sille noait weromtinke oan 'e tiid dy't se foar in skermke sieten, wol oan dat se bûten in beamhutte bouden. Dus ik doch myn bêst dêr in balâns yn te finen. Want it giet altyd oer balâns.” 

Janneke Heslinga - It Terpelân

Sadwaande woe Janneke oer it ferhaal efter de terpen skriuwe. Om ek it kontrast sjen te litten mei wêr't wy no, yn dizze tiid, mei dwaande binne. 

“Der spilet tsjinwurdich in soad, mar it is neffens my net te fergelykjen mei eartiids. Doe wie it libben echt oerlibjen. It ferbouwen en sykjen nei iten, de ûnfoarsisbere see. Mar ek de syktes dy't omgiene, wêr’t noch sa'n bytsje oer bekend wie. "

It wie fjochtsjen tsjin it iene, en je waarden ynhelle troch it oare. Troch dêr oer te fertellen, wol Janneke ek it kontrast tusken it libben no en doe boppe wetter bringe.

De earste singels fan it projekt Tiidmasine wurde útbrocht yn novimber. 

Oare tema's:

webside makke troch studio