Wite Swan

IIs, snie en kjeld. In ferhaal oer de hear Willem Barentsz.

Jeroen spilet by de Hûnekop, hat sels twa katten en skreau in tekst oer, jawol, de ‘Wite Swan’. Mar it nûmer giet net oer bisten. Of noja, der komt faaks ek noch wat yn foar mei in wite bear. It liet giet oer de hear Willem Barentsz, in seefarder, kartograaf en ûntdekkingsreizger dy't in reis makke om in noardeastlike trochfeart te finen.

It is ien fan de ferneamdste ferhalen út de Nederlânske skiednis. Yn 1596 setten Willem Barentsz en syn bemanning mei in sylskip út Amsterdam ôf foar harren syktocht nei de noardlike trochfeart nei Azië. It skip hiet ‘Witte Swaen’. Foar Barentsz wie dit net de earste, mar de tredde kear. "Hy sil wol tocht hawwe: ‘drie keer is scheeprecht’. Mar neat wie minder wier,” fertelt Jeroen. “Ik koe it ferhaal noch wol fan skoalle, út de skiednisboeken. Mar pas koartlyn, doe 't ik my foar Tiidmasine mear ferdjippe yn de Fryske skiednis, kaam  ik der achter: Willem Barentsz wie in Fries!” En dus moast ek oer him in nûmer komme foar op de plaat.

IIs, snie en kjeld

It begûn allegear mei it idee dat der by de poalsirkel net in soad iis wêze soe. De sinne skynde der nacht en dei, dus der koe noait in soad seewetter beferzen wêze. Mar dat rûn dochs oars. Jeroen fertelt: "By de kust fan Nova Zembla strânen se. Se kamen mei harren sylskip fêst te sitten yn it iis en koenen gjin kant mear út. En dêr op Nova Zembla, dêr wie hielendal neat oars as iis, snie en kjeld. Allinne mar wyt om dy hinne."

Utsichtleaze sitewaasje

Van wrakhout bouden de seelju in soarte fan hutte, dy’t se ‘Het Behouden Huys’ neamden. En sa brochten se mear as in healjier mei-inoar troch yn in romte net grutter as in skoallokaal. Der wie gjin kommunikaasje mei de bûtenwrâld mooglik, der wie gjin iten en se wienen al hielendal net taret op de kjeld. Op de binnenwanden fan ‘e hut stie somtiden in iislaach fan in pear sintimeter. "It ferhaal yntrigearre my. It is sa in t útsichtleaze situaasje", fertelt Jeroen.

Hoop yn tiden fan ûnmacht

It nûmer dat Jeroen skreau giet oer de inerlike striid fan Willem Barentsz. “Ik frege mysels by alles wat ik lies of seach alle kearen itselde ôf: hoe hâldst yn sa’n situaasje hoop as der eins hielendal gjin reden is foar hoop? Wêr hâldst dy oan fêst? Nei alle gedachten is it tinken oan thús it iennichste dat dy in bytsje waarmte jaan kin. Mar tagelyk fregest dy by eltse gedachte oan dyn frou en dyn bern ek ôf oftst se ea wer weromsjochst.”

De wite honger stiet foar de doar

Op in dei stienen de seelju ynienen each yn each mei in wite iisbear. In skepsel dat se noch nea earder sjoen hienen. Gelokkich wûnen se it gefjocht. En dat wylst se amper krêft mear hienen. Ien fan de oerwinterders, Gerrit de Veer, skreau nei syn behâlden weromkomst in boek oer harren belibbenissen. “Allinnich dêrtroch witte we wat dêr op dat eilân allegear bard is. Oars wie dizze barre reis nei Nova Zembla miskien wol nea sa grut de skiednis yn gien,” fertelt Jeroen.

De reis werom

Heal maaie begûn it iis te ranen. En dus timmerden se op har alderlêste krêften twa boaten. De manlju wienen slim swak wurden en guon hienen tekens fan skuorbúk. Ek Willem Barentsz wie slim siik. Op 13 juny 1597 wiene se klear foar de ôftocht. Efkes like de hoop dy’t Willem Barendtsz al dy tiid besocht te behâlden mei reden te wêzen. Mar in wike nei it fuortgean fan Nova Zembla, ferstoar er. Hy kaam dus noait wer thús. 

"It wie in barren mei allinnich mar ferliezers. De pine en kjeld is fielber yn it nûmer. Sa start it nûmer sels mei it lûd fan in kâlde poalwyn, dy’t eins it hiele nûmer sêft trochwaait," fertelt Jeroen.

Jeroen Seinstra - Wite Swan

De foto waard makke op in replika fan it skip de Witte Swaen, die yn de haven fan Harns leit. It is in oanrieder om dêr hinne te gean, want dêr kinne se noch folle mear fertelle oer de reis fan Willem Barentsz en de bou fan it skip. 

At Jeroen ien de Tiidmasine stappe koe…

Noch nea krigen we sa'n spesifyk antwurd op dizze fraach! “Ik soe wol even weromwolle nei 1969, en dan soe ik op moandeitemoarn om 9 oere nei it optreden fan Jimi Hendrix op Woodstock gean. In set fan twa oeren  op de lêste dei fan it festival. Hoe betinke je en it. Op in fjild dêr 't oars in miljoen minsken stienen, stie Hendrix dy moarn te spyljen foar in pear hippies dy 't nei alle gedachten noch wekker wienen fan de nacht dêrfoar. No, dêr hie ik dus graach tusken stien. In momint foar yn de boeken.” 

Miskien moat er dêr ek noch mar ris in nûmer oer skriuwe.

Oare tema's:

webside makke troch studio