De Sinne en de Nacht

De liettekst ‘de Sinne en de nacht’ spilet him ôf yn de tiid fan de jagers en de nomaden. De prehistoarje wolteferstean.

De tekst fan Bert Steeman giet yn it djipst oer de sin fan it libben en alles wat dêrby heart: wurkje en leaf hawwe, op paad wêze, minsken misse en it feit dat der alle dagen wer in nije dei is. De sinne en de nacht. 

“It byld dat ik ûnder it skriuwen foar my hie is dat fan in jager dy ’t op paad giet om te jeien en de fraach hat: wêrfoar doch ik dit eins?" En dat giet dus fierder as brea - of yn dit gefal fleis - op ‘e planke. “Do dochst it net allinnich foar dysels, mar ek foar wa 't thús op dy sit te wachtsjen. De minsken dy’t bliid binne ast wer thús bist en dy in grouwe krûp jouwe."

It is dus eins ek wol in romantysk nûmer?

“Jawis! Alle nûmers dy 't ik skriuw binne eins ferhoalen leafdeferskes,” laket Bert. “Dit kear ek. Wylst de jager nachts yn de greide leit, gean syn gedachten út nei hûs. Nei syn frou en syn bern.” Bert hat sels ek twa bern en wurket yn de soarch foar minsken mei in beheining, by Alliade. Dêrneist is hy muzikant en skriuwer by twa Fryske bands: MOSKEN en BRUCKENBAUER. “Ik bin gek op myn wurk. Mar thúskomme is dochs it moaiste wat der is.”

Wat is dyn relaasje mei it Frysk? 

Bert is Hollandstalich grutbrocht (en foar in part Stellingwerfs!) en is sels pas begûn mei Frysk prate doe't hy rûn de 20 wie. “Ik kom fan De Jouwer en gie yn Drachten wenjen. Doe tocht ik: nimmen kent my hjir. Dus ik kin no begjinne mei Frysk prate en dat goed leare! Want do witst hoe it giet: yn hokker taal ast begjinst, sa eindigst. Dan kinsto net mear skeakelje.” Hearst Bert dus Frysk praten mei minsken, dan witst dat er se nei syn tweintichste moete hat. ;)

As Bert yn 'e Tiidmasine stappe koe…

“Dan soe ik nei de jierren 20 en 30 fan de foarige iuw reizgje! Of krekt dêrfoar. Eartiids wenne ik yn in âld hearehûs út 1880. Dat hûs is no trouwens in museum. Dêr stiene allegearre âlde meubels en leine skriften út dy tiid. Dat fassinearre my altyd sa omdat it noch sa 'grypber' is mar ek sa fier fuort. Want yn prinsipe kenne wy noch minsken dy 't dy tiid noch meimakke hawwe.”

Bert Steeman - De Sinne en de Nacht

“It is in tiid dy 't ticht by leit, mar yntusken ek hiel fier fuort fielt.” In bytsje lykas de tiid foar koroana en de tiid nei koroana. “Yn de jierren 50/60 kamen de telefyzjes en no binne we hjir. De stilte foar de stoarm. En doe 't it kontakt noch echt wie,” fertelt Bert.

It wurk wat men docht (it jeien) is no foar in grut part oars. Yn plak fan de heide lûkt men nei kantoar. Mar wêr 't men it foar docht, dat is nea feroare. Dat makket it nûmer dat Bert skreaune hat in nûmer fan alle tiden.

Dat makket it nûmer dat bert skreaune hat in nûmer fan alle tiden.

De earste singels fan it projekt Tiidmasine wurde útbrocht ien novimber. 

Oare tema's:

webside makke troch studio